Takom wike kinst ek stimme op it treinstasjon fan Harns

09 mrt 2021 - 12:09

By de ferkiezingen foar de Twadde Keamer fan takom wike kin minsken har stim ek útbringe op fjirtich treinstasjons. Ien dêrfan leit yn Fryslân. Kiezers kinne telâne op it stasjon fan Harns. Sa moat it foar minsken dy't in soad ûnderweis binne makliker wurde om har stim út te bringen.

Stimme - Foto: Shutterstock.com

Hoewol't der trije dagen stimd wurde kin, is it stimburo op it stasjon fan Harns allinnich iepen op woansdei 17 maart. Om te stimmen op it stasjon ha minsken in jildige stimpas nedich en in identiteitsbewiis. Yn 2006 koe der foar de earste kear stimd wurde op in stasjon.

(Advertinsje)
(Advertinsje)