Technysk manager Gerry Hamstra fuort by SC Hearrenfean

09 mrt 2021 - 11:40

Technysk manager Gerry Hamstra ferlit Sportklup Hearrenfean fuortendaliks. Dat lit de klup tiisdei witte. Der soe de ôfrûne moannen in ferskil fan ynsjoch ûntstien wêze oer de fizy en strategy foar de takomst.

Sjoch nei it petear mei Arjen de Boer yn Fryslân Hjoed

Hamstra seit dat hy en de klup net mear op ien line sieten. "In goed overleg hebben we daarom het besluit genomen om uit elkaar te gaan. Ik ben in 2016 bij sc Heerenveen begonnen en kijk terug op een boeiende periode waarin we samen veel hebben bereikt. Vanaf nu ga ik nadenken over een nieuwe uitdaging. SC Heerenveen is een geweldige club. Ik wens iedereen binnen en rondom de club dan ook heel veel succes toe."

Algemien direkteur Cees Roozemond lit witte dat hy it spitich fynt dat Hamstra fuort giet: "We zijn Gerry zeer erkentelijk voor hetgeen hij voor de club heeft gedaan. We wensen hem heel veel succes bij het vervolg van zijn carrière. De komende tijd ligt onze prioriteit bij het vinden van een geschikte opvolger."

Foto: Omrop Fryslân, Oane Hoekstra

Sportferslachjouwer Arjen de Boer oer it fertrek fan Hamstra

Neffens ferslachjouwer Arjen de Boer is it fertrek fan de technysk manager logysk. "Hamstra hie echt de ambysje om fan Hearrenfean in subtopper te meitsjen. Mar in probleem is de finansjele situaasje, want de klup hat te krijen mei in struktureel ferlies. Ofrûne jierren gie it om hast seis miljoen euro yn it jier. Dat botst mei de ambysjes fan Hamstra, dy't net de spilers helje kin dy't hy graach wol."

(Advertinsje)
(Advertinsje)