Bib Gourmand foar restaurant Elevé yn Ljouwert

09 mrt 2021 - 11:22

Restaurant Elevé yn Ljouwert hat in Bib Gourmand krigen. Dat is in ûnderskieding út deselde stâl as de wrâldferneamde Michelinstjerren, allinnich yn restaurants mei in Bib Gourmand binne gasten faak wat goedkeaper út. It giet dan om maksimaal 39 euro foar in menu fan trije gongen.

Menukaart - Foto: Shutterstock.com

It rapport fan de sjuery hat moaie kompliminten oer foar Elevé. Élevé is toegankelijk maar ook weer exclusief. De keuken van chef Kalkman is modern en zelfs bewerkt, zonder ingewikkeld te zijn. Verwacht u aan herkenbare producten, hier en daar een hippe invloed en genereuze smaken, sa skriuwt de sjuery.

Letter dizze moanne wurde de Michelinstjerren presintearre. Dan wurdt ek bekend makke oft de restaurants dy't al in Bib Gourmand ha (Le Petit Bistro yn Snits, Bistro Nijeholt yn Beetstersweach en Weidumerhout yn Weidum) dy hâlde meie.

Trefwurden: 
Ljouwert Bib Gourmand Elevé
(Advertinsje)
(Advertinsje)