Ja Jongu Takelje Juh! Letterkeunstwurk ferdwynt fan dakken Saailân Ljouwert

De grutte letters JA JONGU NEE JUH! en NEE JONGU JA JUH! op de gebouwen oan it Saailân yn it sintrum fan Ljouwert binne tiisdei fuorttakele. Se hawwe trije jier op it rjochtbankgebou en op in appartemintekompleks stien yn it ramt fan Ljouwert Fryslân Kulturele Haadstêd 2018. De keunstwurken krije no in nij plak by it eardere postsortearsintrum oan it spoar.
Ja Jonge Takelje Juh!
It wie yn it foar al dúdlik dat it plak fan it keunstwurk oan it Saailân tydlik wie. De letters binne der kaam yn ferbân mei it kulturele-haadstêdjier 2018 en de termyn fan de pleatsing is al mei in jier ferlinge. De eigeners fan de gebouwen hawwe no oare plannen mei de dakken.
Wy binne net de eigeners fan de dakken.
Deputearre Sietske Poepjes
Underhâld oan it dak fan de rjochtbank is needsaaklik en de eigeners fan de apparteminten oan de oare kant hawwe plannen foar sinnepanielen. "Wy binne net de eigeners fan de dakken", seit deputearre Sietske Poepjes. Dêrom moatte de letters fuort. Se komme by it Spoardok te stean, it eardere postsortearsintrum dêr't ek it provinsjehûs in skoft yn sitten hat. By binnenkomst mei de trein út it westen en súdwesten binne de letters dúdlik te sjen. Dêr kinne se foarearst stean bliuwe.
It letterkeunstwurk ferdwynt nei trije jier út it sintrum fan Ljouwert © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
It Frysk en yn dit gefal Stedsfrysk moat sichtber wêze yn de stêd, seit Poepjes. De letters binne bedoeld as in soart 'petear'. Dan is stedsplein it Saailân in hiel gaadlik plak dêrfoar. Mar neffens Poepjes hawwe de letters by it postsortearsintrum itselde effekt kwa ferwizing nei in konversaasje.
Deputearre Sietske Poepjes oer it letterkeunstwurk yn Ljouwert