Ynteresse foar Joey Veerman fan Ajax? "Foar minder as 10 miljoen euro net prate"

09 mrt 2021 - 11:06

Sportklup Hearrenfean helle in goed resultaat tsjin ADO Den Haag, mar it spul is noch altyd net om oer nei hûs te skriuwen. Cambuur giet fierder mei goed prestearjen, wûn fan Telstar en is noch altyd op wei nei promoasje. We beprate yn de SportCast de beide klups, sjogge nei wat beslissingen fan skiedsrjochters mei skiedsrjochter Jesse Rozendal en prate oer Go Ahead Eagles - Cambuur mei ferslachjouwer Tijmen van Wissing fan RTV Oost.

Hearrenfean ferlear woansdei mei 3-0 fan Ajax yn de heale finale fan de beker. Se spilen in kânsleaze wedstriid. "Je misse echt it mes tusken de tosken," sa begjint Roelof de Vries. "Je kinne ferlieze fan Ajax, mar de wize wêrop wie pynlik." Arjen de Boer seach wol in goed begjin tsjin ADO Den Haag. "De earste 25 minuten wiene hiel goed, mar dêrnei sakke it fier fuort en kriget ADO echt hiele goeie kânsen."

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.

De ferslachjouwers meitsje harren soargen oer Joey Veerman, dy't in minne faze hat. Neffens Riemer van der Velde soe it wêze kinne dat Ajax ynteresse hat en woansdei sei er: "As Ajax wat yn him sjocht en Ajax wol yn himsels ynvestearje, dan is Ajax in moaie klup foar him. En dan soe ik foar minder as tsien miljoen net praten gean." Arjen de Boer: "Dêr komt de keapman yn Riemer wer nei boppen. Dat is wol echt it ûnderste út de kanne helje."

Go Ahead Eagles 'angstgegner' fan Cambuur

Cambuur spile dit seizoen twa kear earder tsjin Go Ahead Eagles en de ploech út Deventer wûn twa kear fan Cambuur. Arjen de Boer: "Eagles hat blykber in antwurd fûn op it spul fan Cambuur.

Neffens Tijmen van Wissing fan RTV Oost leit dat wol wat oars: "Jullie zijn toch niet bang voor de nummer vijf van de competitie? Ze spelen echt betonvoetbal, het is soms niet om aan te gluren. Ze hebben wel echt een heel goede keeper met Gorter, je weet niet wat je ziet. Maar de topscorer is Beukema met zeven goals en dat is een verdediger. Dat zegt genoeg. Go Ahead won twee keer. Maar de eerste keer was een wonder en de tweede keer was in de beker tegen een B-elftal van Cambuur."

De Boer sjocht dat oars: "Nou, ze zijn de vorige keren echt we gecounterd door Go Ahead Eagles. Het loopt mij al dun door de broek."

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje we ek oare ûnderwerpen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)