Frou besiket yn Ljouwert foar 520 euro oan ferfalske sparkaarten yn te leverjen

09 mrt 2021 - 10:08

In 26-jierrige frou út de gemeente Noardeast-Fryslân hat moandei besocht om ferfalske sparkaarten yn te leverjen by in winkel oan de Emmakade yn Ljouwert. It gie om tsien kaarten mei in wearde fan 520 euro.

Foto: Pixabay

Doe't it personiel de kaarten kontrolearre die bliken dat se falsk wiene. Dêrnei is de plysje derby helle, dy't de frou oanholden hat foar oplichting.

Trefwurden: 
plysje oplichting
(Advertinsje)
(Advertinsje)