1,5 miljoen euro beskikber foar ferbettering histoaryske gevels yn Dokkum

Der komt hast oardel miljoen euro beskikber fanút de gemeente Noardeast-Fryslân om it oansjoch fan histoaryske gevels yn Dokkum te ferbetterjen. Om dat foar inoar te krijen hat de gemeente in saneamde stadsontwikkelingsmaatschappij (SOM) oprjochte, mei ûndernimmers, ynwenners fan de binnenstêd en stichting oud Dockum.
© Marit Anker
De gemeente wol nei eigen sizzen 'het unieke historische karakter van historische panden in de binnenstad' behâlde. Foar it opknappen fan in pân yn de binnenstêd kinne eigeners har melde by de gemeente foar in subsydzje of liening. De gemeente sjocht dan mei in kommisje fan saakkundigen nei de kwaliteit fan de plannen. De gemeente hat in bedrach fan 1.462.000 euro beskikber steld.