Kollum: "Fersiere en ferneuke tagelyk"

09 mrt 2021 - 08:20

Noch even en it feest kin wer begjinne. It feest fan de demokrasy, sa't it neamd wurdt, de ferkiezingen foar de Twadde Keamer. Yn de oanrin dêrhinne spilet him alle kearen itselde ritueel ôf.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De toan fan Willem Schoorstra

De listlûkers begjinne te burljen as reaharten yn 'e hjerst. Dêr wolle se de kiezers mei ferliede, mar op itselde stuit sjogge se dêrmei ek nei oare partijen om eventueel in koälysje mei te foarmjen. Dat bolderjen is fersieren en ferneuken tagelyk. Ik wit it, jo witte it, de politisy sels witte it. It is in toanielstik dat om de fjouwer jier opfierd wurdt, mei aloan deselde rollen en deselde teksten, oanfolle mei mear of minder radikale ymprovisaasjes.

Om earlik te wêzen bin ik it sêd. Dat hiele rituele sirkus, foar alle dúdlikheid, net de ferkiezingen as hichtepunt fan ús demokratysk bestel. Want al hoe faak ik de lêste tiden ek heard ha dat Nederlân in diktatuer wêze soe: allinne al it feit dat wy út sa'n 40 partijen kieze kinne, bewiist it tsjinoerstelde.

Minsken dy't fine dat guon partijen fanwegen harren ideeën gjin plak yn it parlemint fertsjinje om't se de demokrasy ûnderwrotte, moatte betinke dat dy groepearringen binnen de demokrasy in stim jouwe oan boargers dy't harren net fertsjinwurdige fiele troch de fêstige partijen. Dat is demokrasy yn optima forma. Boppedat kinne nije partijen, hoe lyts faak ek yn 't begjin, ympulzen ta feroaringen jaan. Dat is goed foar de kwaliteit fan de demokrasy.

Want as jo bygelyks fine dat de taslagge-affêre gefolgen ha moat, de abominabele ôfhanneling fan it Grinzer gasdrama, it wenningtekoart of de rampsillige tastân fan natuer en miljeu prioriteit fertsjinnet, is der wat te kiezen. It is gewoan it sirkus om de ferkiezingen hinne dat my tsjinstiet.

Wêrom moat polityk Nederlân, dat útblinkt yn polderjen en kompromissen slute, om de fjouwer jier dwaan as leit alles dat mis giet oan de oar? Dat alles en elkenien in fijân faninoar is? Ik ha ek begrepen dat rûchwei in fjirdepart fan de berjochtjouwing oer de ferkiezingen tsjintwurdich yn in saneamd conflict frame falt, en nochris in fjirdepart yn it horse race frame.

Dat betsjut dat likernôch de helte fan it ferkiezingsnijs de polityk ôfskilderet as rûzje of as wedstriid. Dus is it net allinne de polityk dy't sa'n spul spilet: ek de ferslachjouwing docht dêroan mei troch op de foarm te fokusjen en net op de ynhâld.

It is, mei oare wurden, de heechste tiid foar serieuze feroaring. De heechste tiid foar in partij dy't net meidocht oan it sirkus, mar de ynhâld foaroan set. In partij dy't foar it meastepart út jongeren bestiet. Want benammen sy krije te meitsjen mei de gefolgen fan wat hjoed-de-dei op 'e harsens ferkeard giet.

It momint is no foar in partij dy't har neat oanlûkt fan it sirkus, mar har taleit op gearwurking, op mei-inoar yn stee fan tsjininoar. In fris, rasjoneel en realistysk lûd. Myn stimadvys is: tsjek de programma's fan de nijkommers. Der falt echt wat te kiezen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)