Enerzjykoöperaasje ferduorsumet âlde doarpswenten yn lytse doarpen

09 mrt 2021 - 08:01

"Ik stookte echt foar de protters" sa seit Martijn van Dongen. Har hûs yn de doarpskearn fan Baard is fan 1890 en oan isolaasje wie noch nea wat dien. "Benammen it dak wie in probleem." It is ien fan de huzen dy't oanpakt is troch Grieneko, de lokale enerzjykoöperaasje dy't aktyf is yn Wiuwert, Britswert, Húns, Leons, Easterlittens en Baard. Mei help fan Europeesk jild moatte yn totaal 50 huzen yn de doarpen oanpakt wurde. Mar de plannen fan Grieneko rikke fierder.

Enerzjykoöperaasje ferduorsumet âlde doarpswenten yn lytse doarpen

"We zijn al wat langer bezig om los te komen van de grote energiereuzen," seit foarsitter Ronald van Giessen fan Grieneko. "Ons ideaalbeeld is eigenlijk zoals het in Denemarken geregeld is. Daar wordt in lokale verbanden collectief stroom opgewekt en afgenomen." En dat moat neffens Grieneko ek yn Nederlân kinne.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Yn 2015 waard Grieneko oprjochte yn Baard. Wichtichste doel wie it nei ûnderen bringe fan it gas- en elektrisiteitferbrûk yn it doarp. Alle doarpen út de omjouwing hawwe harren letter oansletten en sûnt de oprjochting hat Grieneko al soarge foar de oanlis fan in hiel soad sinnedadken en ek hawwe sa advys jûn oan partikulieren oer it isolearjen fan wenningen.

Wytse Vellinga seach yn Baard

En no hat Grieneko jild krigen fan in Europeesk ûntwikkelingsprogramma foar it plattelân om te besjen hoe't se ek âlde huzen better isolearje kinne en klear meitsje kinne foar in mear duorsume takomst. En maklik is dat net. "De huizen in de dorpskernen zijn gemiddeld genomen zo'n honderd jaar oud. Daar moet heel wat aan gebeuren als je die energiezuinig wilt maken."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Grutste probleem is dat de measte eigeners fan de wenten it karakter fan de huzen safolle mooglik yntakt hâlde wolle. Dat wol sizze dat se dus wolle dat it der min of mear gelyk út komt te sjen nei de maatregels. Dat jilde ek foar Van Dongen. "Ik woe net alles oer de kop ha, mar woe wol dat ik myn stookkosten nei ûnderen bringe koe. Dêr hat Grieneko my hiel bot yn holpen."

Van Dongen hat mei help fan Grieneko in liening krigen wêrtroch't se dûbeld glês oanbringe koe. En ek is it dak isolearre. "Der is in laach boppe op kaam. Dertroch binne de pannen wol wat omheech kaam, mar sa koe de binnenkant bliuwe sa as it is. Dat woe ik hiel graach." Sa seit van Dongen.

Grieneko sil it jild dat no frijkomt brûke om minsken profesjoneel advys jaan te kinnen, mar ek om minsken by te stean by it krijen fan in liening. Uteinlik moatte sa 50 âlde wenten klear makke wurde foar in gasleaze takomt.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Mar Grieneko hat ek nijbouplannen. Sa wolle se oan de râne fan it doarp Baard sân duorsume wenten bouwe litte. It giet om relatyf lytse wenten fan sa'n 70 kante meter dy't folslein enerzjyneutraal binne. De huzen binne bedoeld foar starters en senioaren. "Er is een grote behoefte aan woningen voor deze doelgroepen." Sa seit Van Giessen.

De plannen moatte noch wol goedkard wurde troch de gemeente, mar neffens Van Giesen soe it samar kinne dat it bouplan by Baard in foarbyld wurdt foar hoe't it yn folle mear lytse doarpen gean kin.

Wytse Vellinga seach by Grieneko

(Advertinsje)
(Advertinsje)