Skiedsrjochter nei krityk Knegt: "Beslissing mei fiif skiedsrjochters naam"

09 mrt 2021 - 07:18

Shorttrackskiedsrjochter Gialt Biesma snapt dat Sjinkie Knegt bot teloarsteld is oer syn diskwalifikaasje op it WK yn Dordrecht, mar stiet noch altyd achter dy beslissing: "It punt is, we meitsje de beslissing mei fiif skiedsrjochters. Dan soene we alle fiif mis sitte. Dat kin net."

Foto: Orange Pictures

Shorttracker Knegt waard op it WK op sawol de 1.500 as de 500 meter útskeakele troch in penalty, en dêrmei wie syn toernoai daliks dien. Nei ôfrin wie er poer. "Der binne yn july nije regels kaam, dêr moat elkenien har oan hâlde. Mar neffens my hat Biesma gewoan de hiele ISU-meeting mist en is hy gewoan lekker trochgien mei it âlde systeem. Ik fiel my naaid."

'Begryp de reaksje wol'

Biesma begrypt de krityk fan Knegt wol. "Op it momint dat se Sjinkie freegje nei syn kommentaar sit hy fansels fol adrenaline, dus ik begryp de reaksje wol. Ik ha persoanlik ek hielendal neat tsjin Sjinkie. Mar wy ha de lêste moannen ferskate gearkomsten hân. En dêr ha ik allegearre by west."

De fideoskiedsrjochter makke yn Dordrecht syn debút as haadskiedsrjochter. "Dat wie wol spesjaal. Ik sil it ôfrûne wykein dan ek net gau ferjitte." En wannear't hy takom seizoen Knegt tsjinkomt? "Ik fiel my hielendal net persoanlik oansprutsen, dus Sjinkie en ik moatte it der mar efkes oer ha yn 'e takomst."

Skiedsrjochter Gialt Biesma oer de krityk fan Sjinkie Knegt

(Advertinsje)
(Advertinsje)