Frysk sjongfestival Liet komt mei edysje 2020+1, sûnder publyk

09 mrt 2021 - 06:47

Foar it earst yn de skiednis fan it Frysktalige sjongfestival Liet sil der gjin publyk wêze by de kommende edysje. Op 3 april wurdt it festival foar de 29e kear hâlden ûnder de namme LIET 2020+1. Dizze edysje stie earst op de aginda foar novimber 2020, mar koe doe net trochgean fanwege de coronabeheinings.

Foto: Organisaasje Liet

Liet is in wedstriid foar it bêste orizjinele liet yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen. De edysje fan 3 april wurdt bysûnder, want der mei gjin publyk by oanwêzich wêze. Dochs hoege leafhawwers fan it Fryske liet neat te missen, want Omrop Fryslân stjoert it festival online en op telefyzje live út.

De acht finalisten, dy't har ferline jier al kwalifisearren, dogge mei foar de Tekstpriis en de Sjuerypriis. De finalisten binne Janneke de Boer, Fegebart, Douwe Dykstra, MOSKEN, Bokke en de Heidehippers, BANT, Volk!! en Sample Text.

Dêrnjonken set Liet it suksesfolle crossover-programma troch, wêrby't bekende artysten yn duo's selsskreaune nagelnije Frysktalige komposysjes foar it earst útfiere. De duo's dy't optrede sille yn de finale binne Iris Kroes & Wander Kars, ZEA & Dina en Huub Prins & Bobby Choco.

Gerard van der Veer oer de organisaasje fan Liet

(Advertinsje)
(Advertinsje)