Tsientallen wurknimmers Smeding besmet: "Gearwurkje mei GGD om boarne te finen"

09 mrt 2021 - 06:23

It griente- en fruitbedriuw Smeding yn Sint-Anne wit noch altyd net wat de boarne fan it grutte tal coronabesmettingen by it bedriuw is. Dat seit direkteur Sjaak Smeding. Wol is it bedriuw drok dwaande mei it ûndersyk dêrnei. "We wurkje gear mei de GGD om de boarne te finen, mar dat is best in útdaging."

Foto: Shutterstock

By Smeding binne tsientallen minsken besmet mei it coronafirus. Der wie earder ek wolris in meiwurker mei in positive test, mar ferline wike rûn it oantal ynienen hurd op. Doe wist direkteur Sjaak Smeding dat der wat slims oan de hân wie.

Mei help fan klanten en partners is it bedriuw der yn slagge om de leveringen op peil te hâlden. "Yn goed oerlis wurkje wy dêryn gear. Sa sizze ús klanten bygelyks dat se wat earder bestelle, wylst wy wat letter leverje meie. En ek sjogge se wat minder nei de kwaliteitseasken. En miskien is der ris in bestelling by dy't net hielendal folslein is, dan nimme se dat even foar leaf."

It is lykwols te betiid om te stellen dat it wer de goede kant op giet by it bedriuw. "We binne der noch net. We moat noch hiel soarchfâldich oan it wurk gean, mar ik rekkenje derop dat fan woansdei of tongersdei ôf de sinne wer begjint te skinen. Oant dy tiid ha wy kontakt mei ús minsken, en sjogge wy hoe't it mei se giet. Sa moatte wy der mei ús allen goed útkomme."

Direkteur Sjaak Smeding oer de útbraak by syn bedriuw

(Advertinsje)
(Advertinsje)