FIDEO: 'Fan binnenút’ oer jeugdbeskerming, it ferhaal fan Damaron

08 mrt 2021 - 21:32

Hoe dreech is it om yn te gripen efter de foardoar, de grins tusken privacy en feilichheid? Hokker dilemma's komst dêrby tsjin? Yn de nije rige 'Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben?', sjocht programmamakker Miranda Werkman efter de doarren fan it Regiecentrum Bescherming en Veiligheid. De searje jout in oangripend byld fan it wurk fan Jeugd- en Gezinsbescherming, Jeugdreclassering en Veilig Thuis Friesland. Yngewikkeld wurk, wêrby't de help faak ûnder twang plakhat.

"Ik gean mei dizze mefrou mei"

Yn de earste ôflevering op 8 maart it ferhaal fan Damaron. Hy hat it Foetaal Alkohol Syndroom. Hy is mei in krisispleatsing út 'e hûs helle en fertelt dat it lang duorre foardat er syn plak fûn hie. Doe't er jeugdbeskermer Akkelien foar it earst seach, sei er direkt: "Ik gean mei dizze mefrou mei." Akkelien kin har dat momint noch goed tebinnenbringe. De grutte omkear yn it gedrach en tinken fan Damaron kaam doe't syn heit ferstoar. Yn syn lêste dagen frege heit oan Akkelien goed op syn jonkje te passen. Hiel bysûnder, want Akkelien wit ek noch goed hoe lilk heit yn it ferline oer de hiele situaasje west hat.

De searje Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben? is alle moandeis te sjen op telefyzje om 17.15 oere en wurdt alle healoeren werhelle.

Fragen of fermoedens fan bernemishanneling, âldereinmishanneling of hûslik geweld? Belje 0800-2000 (fergees, 24/7) of chat mei Veilig Thuis fia veiligthuisfriesland.nl

(Advertinsje)
(Advertinsje)