Sikehûs Tjongerschans nei parsekonferinsje: 'Situatie is onverminderd ernstig'

08 mrt 2021 - 21:29

De sitewaasje yn it Feanster sikehûs Tjongerschans is al wikenlang 'onverminderd ernstig'. Dat seit in wurdfierder nei ôfrin fan de pasekonferinsje dêr't lytse ferrommingen fan de coronamaatregels yn oankundige waarden.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

It sikehûs riedt him ta op de komst fan mear pasjinten, yn in tredde golf. "De bezetting neemt al weken niet af", seit wurdfierder Daan van der Broek fan it sikehûs. "Angst is niet een goed woord, maar ik maak me wel zorgen. De modellen laten al een hele tijd zien dat er meer patiënten kunnen komen."

Neffens minister Hugo de Jonge is it foarútsjoch op de tredde golf net goed. "Over één maand kunnen de ziekenhuizen weer net zo vol liggen als vorig jaar", sei er. Foarsitter Sybrand Buma fan de Fryske feilichheidsregio warskôget ek. "We begjinne krekt oan de tredde golf, mar it besmettingsnivo is no al heech. We kinne net der net folle mear by ha."

'We werden overvallen door het virus'

By de earste golf wie der yn Fryslân noch romte oer yn de sikehûzen, wylst se yn oare plakken fan it lân fol leine. Dat byld is no oars, seit Van den Broek. "We zien al twee maanden dat de meeste patiënten uit de eigen regio komen." De sitewaasje is no wol oars as by de earste golf. "Toen werden we overvallen door het virus. Het was er al, en wij vierden nog carnaval. Nu hebben we het beter in de gaten."

Om de druk op de soarch leger te meitsjen, kinne coronapasjinten dy't yn de Fryske sikehûzen sûnt koart earder nei hûs, omdat se thús op ôfstân yn de gaten holden wurde kinne. Earder koe dat al foar pasjinten fan it Antonius sikehûs yn Snits, en sûnt 1 maart jildt dat ek foar pasjinten fan it MCL, Nij Smellinghe en Tjongerschans. Neffens Van den Broek kinne pasjinten dêrtroch in pear dagen earder nei hûs.

(Advertinsje)
(Advertinsje)