Buma sjocht kânsen foar PC en skûtsjesilen: "It wurdt in oare simmer as yn 2020"

Yn de twadde helte fan it jier moat der folle mear mooglik wêze as no. Dat seit boargemaster Sybrand Buma nei ôfrin fan de parsekonferinsje fan it kabinet, oer de coronamaatregels. Minister De Jonge sei dêryn dat der begjin july 18 miljoen coronafaksinaasjes set wêze moatte. "Ik leau dat we in hiele oare simmer krije as yn 2020," seit Buma, "mar hoe't it der presys útsjen sil, wit ik net."
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
"Oant july wurdt it dreech", seit Buma, mar yn de twadde helte fan it jier wurdt der "in protte better". Oft it skûtsjesilen trochgiet, is net wis. De SKS tinkt al nei oer in coronabubbel, om in kampioenskip mooglik te meitsjen. "We dogge der alles oan om it mooglik te meitsjen," seit Buma, "mar we moatte it sjen." Hy is de foarsitter fan de Fryske feilichheidsregio.

Buma wie net wis

Yn de parsekonferinsje waard ek dúdlik dat grutte winkelbedriuwen aanst mear klanten oer de flier ha meie. Dat wie in ferromming dêr't Buma by it kabinet op oantrune hie, seit er, neidat er mei ûndernimmers praat hie dy't stevige krityk hiene op dy maatregel. "Ik wie der net wis fan dat se dat feroarje soene", seit Buma.
De ferrommingen lykje lyts. Premier Rutte seit sels dat it hielendal gjin 'versoepelingen' binne. Hy seit dat it om 'aanpassingen' giet. Buma sjocht dat oars, hoe lyts oft de ferrommingen ek binne. "It binne ferbetteringen."

Tredde golf leit op de loer

Buma seit dat der net te fluch ôfskaald wurde moat. "We begjinne krekt oan de tredde golf, mar it besmettingsnivo is no al heech. We kinne net der net folle mear by ha. As it reproduksjegetal 'R' omheech giet, giet it hiel fluch, trochdat de Britske fariant besmetliker is as it reguliere coronafirus."
Boppedat binne der no al folle mear maatregels fan krêft as oan it begjin fan de twadde golf, healweis foarich jier. "Stranger wurdt it net", seit Buma. "Dat hoecht ek net, as we ús oan de maatregels hâlde."