Fryske soarchbestjoerder: "Fijn dat ze weer op bezoek kunnen bij pake en beppe"

08 mrt 2021 - 19:54

"Hoe vervelend het ook is: dat er geen versoepelingen zijn aangekondigd, is een geruststellende gedachte." Dat seit soarchbestjoerder John van Arnhem nei ôfrin fan in parsekonferinsje dêr't yn ferteld waard dat eins alle maatregels bliuwe sa as se binne. By ferpleechhûzen is wol in ferromming: yn guon gefallen meie bewenners aanst it dûbele oantal besikers ûntfange.

Direkteur-bestjoerder John van Arnhem fan soarchgroep Hof en Hiem - Foto: Omrop Fryslân

Op dit stuit jild in maksimumoantal fan ien besiker per dei. En allinne dyselde persoan mei in dei letter wer komme. Dat wurdt ferromme, sei minister De Jonge. As bewenners faksinearre binne tsjin it coronafirus, meie se aanst twa besikers deis ûntfange. En in dei letter meie dat dan twa oare minsken wêze.

Allinne ferrommingen by faksinaasje

"De voorwaarden spreken ons aan," seit Van Arnhem, "ze zijn reëel."Hy is bestjoerder by de soarchorganisaasje Hof en Hiem. Dêr binne de bewenners dy't net ûnder de húsdokter falle, allegearre al faksinearre. De ferromming yn it tal besikers jildt allinne foar bewenners dy't beide prikken hân ha. "En daarna zijn er nog meerdere dagen nodig om te zorgen voor een volledige bescherming", seit Van Arnhem.

"Vanaf komend weekend kunnen de eerste bewoners weer meer bezoek krijgen", seit Van Arnhem. Mar dat binne net de minsken dy't ûnder de húsdokter falle. Dy moatte langer wachtsje. Guon dêrfan ha de earste faksinaasje noch net iens hân. "Een deel krijgt die deze week, en sommigen volgende week. Vier weken later volgt dan de tweede vaccinatie, en daarna nog meerdere dagen wachten. Dus dat gaat nog wel even duren."

'Meerdere kinderen en kleinkinderen'

Minsken ha bot ferlet fan mear besikers, seit Van Arnhem. "Sommigen zijn al ouder, hebben meerdere kinderen, en kleinkinderen. Dat kunnen er zomaar een heleboel zijn. Het is fijn dat ze weer op bezoek mogen bij pake en beppe."

Earder warskôge Van Arnhem it kabinet net te gau mei ferrommingen te kommen. Hy is bliid mei wat er no heard hat. "Dit gaat goed zo. Je moet je voorstellen dat de meeste maatregelen blijven totdat in de verpleeghuizen de vaccinatie op orde is. In de kern zijn er nu geen versoepelingen aangekondigd. Ik ben blij dat het kabinet geen onverantwoorde risico's neemt."

Trefwurden: 
coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)