Swimlessen foar bern kinne wer, mar oant ein maart gjin grutte ferrommingen

08 mrt 2021 - 19:46

Swimlessen foar bern meie takom wike wer los, mar foar de rest komme der oant ein maart gjin grutte ferrommingen. Demisjonêr premier Mark Rutte en minister Hugo de Jonge fan Folkssûnens makken dat moandeitejûn bekend yn de parsekonferinsje oer de coronamaatregelen. Wol wurde de mooglikheden foar folwoeksenen om bûten te sporten ferromme en krije gruttere winkels rommere regels wat it winkeljen op ôfspraak oanbelanget. Wat terrassen en it heger ûnderwiis oanbelanget is it noch te betiid om ferrommingen ta te stean, sa seit it kabinet.

Utkomst parsekonferinsje

De jûnsklok wurdt ferlinge oant 30 maart en it negative reisadvys foar reizen nei it bûtenlân wurdt ferlinge oant en mei 15 april. Fierdere ferromming fan de lockdown fynt it kabinet noch net ferantwurde.

Minister-presidint Mark Rutte hopet om Peaske hinne "nieuwe stappen" sette te kinnen mei ôfskalen fan de coronamaatregels. Oer fjouwer wiken is it twadde peaskedei. Rutte hopet dan foaral de hoareka, mar ek oare ûndernimmers mear perspektyf biede te kinnen. "Het water staat veel ondernemers aan de lippen, de nood is hoog en de verhalen zijn hartverscheurend."

Foarútsicht net goed

Minister De Jonge warskôget dat de pyk fan de tredde coronaweach noch foar ús leit en de foarútsichten net goed lykje. "Als de slechtste scenario's uitkomen, dan liggen de ziekenhuizen over een maand even vol als vorig jaar", seit er. De Jonge wiist der op dat de Britske fariant, dy't besmetliker is, yntusken de oerhân hat op eardere coronafarianten.

Foto: Omrop Fryslân

Swimles foar bern

Swimlessen en it ôfswimmen foar bern oant tolve jier is fan tiisdei 16 maart ôf wer mooglik. Neffens it kabinet is it wichtich dat bern de kommende simmer feilich swimme kinne moatte. Der binne wol bepaalde regels. Sa binne de klaaikeamers iepen, mar de dûsen net. Bern moatte thúsbliuwe by klachten en âlden moatte bûten op harren bern wachtsje.

Sporten foar folwoeksenen

Fan 16 maart ôf meie folwoeksenen wer sporte, mar wol bûten en mei maksimaal fjouwer persoanen yn in groep op oardel meter ôfstân. "We hebben door berekeningen gezien dat we met z'n allen miljoenen kilo's zijn aangekomen", zei Rutte. "Daarom deze kleine versoepeling." Minsken binne yn de coronakrisis folle minder oan it sporten en dat hat in negative ynfloed op harren lichaamlike en geastlike sûnens, sa docht bliken út ûndersyk. Minsken oant 27 jier mochten fan 3 maart ôf al yn teamferbân bûten sporte.

Jûnsklok ferlinge

De jûnsklok wurdt ferlinge oant en mei tiisdei 30 maart. Dy jildt tusken 21.00 en 04.30 oere. Der wurdt in útsûndering makke foar de ferkiezingsjûn op woansdei 17 maart. Earder waard sein dat de jûnsklok boppe-oan de list stie om ôf te skaffen, mar dêr is it kabinet op weromkaam. Neffens Rutte docht bliken dat de jûnsklok, mei de ien-besikersregeling, effekt hat.

Negatyf reisadvys ferlinge

Oant en mei tongersdei 15 april bliuwt it negative reisadvys fan krêft. "Blijf in Nederland en ga niet op reis", seit Rutte. It kabinet komt op 23 maart mei in nij reisadvys foar maaie. Mooglik is der dan ek mear dúdlikheid oer de simmerfakânsje.

Foto: ANP

Mear romte foar grutte winkels

Foar lytse winkels oant 50 kante meter feroaret der neat, mar gruttere winkels meie fan 16 maart ôf mear klanten ûntfange. Op it stuit meie dy maksimaal twa klanten de ferdjipping op ôfspraak ûntfange. Dat moat wol op oardel meter ôfstân fan inoar. Fan nije wike ôf wurdt der ek sjoen nei it flieroerflak. De 25 kante meter is ien klant tastien, oant in maksimum fan fyftich klanten.

Hegeskoallen en universiteiten

Fan 29 maart ôf meie hegeskoallen en universiteiten harren studinten wer ien dei yn 'e wike ferwolkomje, sa is de ferwachting. Op dy manier kinne se in lyts diel fan harren ûnderwiis wer fysyk folgje yn stee fan online. Safolle mooglik studinten krije dan yn it foar in sneltest.

Hoareka

Terrassen meie om Peaske hinne wer iepen, as de coronasifers dat talitte. Wol komt der in maksimum foar it tal gasten oan tafel en op it terras. Foar it safier is moat de druk op de sikehuzen wol earst ôfnimme en moat it firus him minder rap ferspriede.

Ferpleechhuzen

By ferpleechhûzen meie bewenners yn guon gefallen aanst it dûbele oantal besikers ûntfange. Op dit stuit jild in maksimumoantal fan ien besiker deis. En allinne dyselde persoan mei in dei letter wer komme. Dat wurdt ferromme, sei minister De Jonge. As bewenners faksinearre binne tsjin it coronafirus, meie se aanst twa besikers deis ûntfange. En in dei letter meie dat dan twa oare minsken wêze.

Op tiisdei 23 maart is der in nije parsekonferinsje oer de coronamaatregels.

(Advertinsje)
(Advertinsje)