Shorttracker Dennis Visser moast tasjen by WK: "Dit jaar snel weer vergeten"

08 mrt 2021 - 18:36

Yn 2017 waard hy noch wrâldkampioen op de relay, mar no sit hy, nei in seizoen mei rêchproblemen, thús: Dennis Visser fan De Lemmer. Syn plak yn it relayteam is oernaam troch de talintfolle Jens van 't Wout en dus moat Visser fan de bank ôf tasjen hoe't Nederlân mei Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma en Itzhak de Laat it docht yn de finale fan de relay.

Dennis Visser sit thús

De 25-jierrige shorttracker krige yn septimber fan it ferline jier te krijen mei in rêchblessuere. "Die rugpijn ging niet echt weg. Het gaat nu wel iets beter, maar het was niet genoeg om mij te plaatsen voor het WK", seit Visser. "Ik heb twee à drie maanden naast het ijs gestaan. Dat was wel de belangrijkste periode. Dan begint iedereen met de wedstrijdvoorbereidingen. Als je dan naast het ijs staat, wordt het wel heel lastig. Zeker met het veld wat we nu hebben."

De Fries hope noch wol dat bûnscoach Jeroen Otter him selektearje soe foar it wrâldkampioenskip. "Ik had nog wel een stille hoop, wel een kleine hoop, dat ik me in de trainingen genoeg had laten zien. Maar aan de andere kant is het wel logisch dat die andere jongens daar nu rijden. Sommige hebben het EK gereden, de uitslagen op de NK's en Invitation Cup waren beter, dus dan is het wel logisch dat je thuisblijft."

De finale

Visser folget it WK út syn appartemint yn in aldereinsoarchsintrum op It Hearrenfean wei op de foet. "Ik word wel zenuwachtig als ik kijk. Ik schaats liever zelf", seit Visser. "Ik hoop dat ze het heel goed doen, maar ik hoop natuurlijk wel dat ze het met mij een stukje beter doen. Maar dat heeft elke sporter", seit hy krekt foar it begjin fan de relayfinale fan de manlju.

Nederlân pakt úteinlik mei oermacht goud op de ôflossing, wylst syn ploechgenoaten mei de flagge oer de baan yn Dordrecht ride, tinkt Visser alwer oan it folgjende jier. "Het doel is om volgend jaar op de Spelen met die vlag over het ijs te rijden", seit hy. "Dit jaar moeten we gewoon weer heel snel vergeten."

(Advertinsje)
(Advertinsje)