Twadde earste ljipaai leit op It Amelân

08 mrt 2021 - 18:03

It twadde earste ljipaai fan in Fryske gemeente is moandei fûn op It Amelân. Dat meldt it fûgelwachtersbûn BFVW. It earste gemeentlike aai lei ek al op in eilân. Dat wie Skylge. En it earste aai fan Fryslân lei yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Yn dy gemeente is it earste gemeentlike aai noch net fûn.

Jan Brouwer mei de boargemaster fan Amelân - Foto: Gemeente Amelân

It aai op it Amelân waard fûn troch Jan Brouwer. It wie de fyfde kear dat Brouwer it earste aai op it eilân fûn. De fynst wie even nei 16:30 oere. Foar dy tiid mei der op it eilân net nei ljipaaien socht wurde. Neffens de foarsitter fan de fûgelwacht yn Hollum is dat om de guozzen op it eilân net te fersteuren. Hy seit ek dat it al meardere kearen foarkaam is dat it earste aai tusken 16:30 en 16:45 oere fûn is.

Brouwer hat in oarkonde krigen fan boargemaster Leo Pieter Stoel fan it Amelân, en finerslean fan 25 euro. Dat is 10 euro mear as it finerslean fan de finer fan earste ljipaai fan Fryslân, Simon Spriensma fan Dokkum. Hy krige dit wykein ek de Sulveren Ljip, út hannen fan kommissaris fan de Kening Arno Brok.

Ljipaaikaart

Sjoch op dizze kaart yn hokker gemeenten al it earste ljipaai fûn is. Grien is it earste ljipaai fan Fryslân, blau is it earste ljipaai yn in gemeente en read betsjut dat der noch gjin earste aai fûn is yn dizze gemeente:

(Advertinsje)
(Advertinsje)