Kristlike skoalkoepel CVO biedt dosinten fergees sneltest oan

08 mrt 2021 - 17:43

Dosinten fan skoalkoepel CVO, de feriening foar kristlik fuortset ûnderwiis yn Noard- en West-Fryslân, kinne fan moandei ôf fergees in coronasneltest dwaan litte. Op dy wize besiket de skoalkoepel dosinten oan it wurk te hâlden, sadat it ûnderwiis safolle mooglik trochgean kin. De testen wurde oanbean yn gearwurking mei it ministearje fan Folkssûnens. De regeling is trouwens net allinnich beskikber foar CVO, mar foar alle wurkjenden yn Nederlân.

Foto: Shutterstock

Dosinten mei klachten of learkrêften dy't in melding fan har coronamelder-app krigen hawwe, komme yn oanmerking foar in test. Dêrmei hawwe se binnen in heal oere de útslach. By in negative test kinne se dan deselde dei noch oan it wurk.

Neffens Joost Visser fan CVO ha alle meiwurkers in mailtsje krigen, mei in koade dy't se brûke kinne om de sneltest te dwaan yn Ljouwert. "Je kunt niet zomaar je gaan laten testen, maar de mogelijkheid wordt geboden. Dat vinden we handig, want dat betekent dat mensen snel kunnen uitsluiten dat ze besmet zijn."

Blydskip

CVO is wiis mei de mooglikheid om sneltesten te dwaan. "We pakken alles aan om te zorgen dat we verder kunnen werken", seit Visser. "Je moest eens weten hoe blij de meeste leerlingen zijn dat ze weer naar school kunnen. Ook de scholen zijn ontzetten blij dat ze de leerlingen weer kunnen ontvangen. Ja, daar doen we alles voor."

De kosten foar de sneltesten wurde betelle troch it ministearje fan Folkssûnens.

Bestjoersfoarsitter Joost Visser fan CVO

(Advertinsje)
(Advertinsje)