Hieltyd mear froulju hawwe eigen bedriuw en net allinnich yn frouljusberoppen

Posityf nijs foar froulju op dizze ynternasjonale dei fan de frou: der binne hieltyd mear froulike ûndernimmers. Neffens de Keamer fan Keaphannel binne it yn hiel Nederlân no 668.000, wylst it fiif jier ferlyn noch 520.000 wiene. Se winne ek wat terrein op de manlju. Yn 2016 wiene 35 fan 100 ûndernimmers frou, en no binne dat 37 fan de 100. Tjitske Swierstra fan netwurk Uvon foar froulike ûndernimmers, ôfdieling noard, is tefreden. Se neamt har eigen feriening 'in bloeiende feriening'.
Uvon Noord, ûndernimmersferiening foar froulju © Uvon Noord
Froulike ûndernimmers binne neffens de Keamer fan Keaphannel benammen aktyf yn de saaklike tsjinstferliening. Dêrnjonken ûndernimme froulju fan âldsher in soad yn bygelyks de persoanlike tsjinstferliening. Dêr falle beroppen ûnder lykas hierfersoarging en skjintmefersoarging. Fan alle ûndernimmers yn de sektor persoanlike tsjinstferliening is it grutste part frou. Mar binnen de hiele groep froulike ûndernimmers is mar 12 prosint fan harren yn dy sektor aktyf, seit Josette Dijkhuizen. Sy is heechlearaar ûndernimmerskipsûntwikkeling oan de School of Management yn Maastricht.
De Fryske froulike ûndernimmers dy't by it netwurk Uvon oansluten binne, wurkje net alllinnich mar yn de gongbere frouljusberoppen lykas skjintmespesjalist of kapper. Der sit ek restauranthâldster by en in ûndernimster dy't in accountantskantoar hat. De feriening is sa fan opset dat fan alle brânsjes ien fertsjintwurdiger oansletten is. Op dy wize is it palet sa breed mooglik. Swierstra hat net it idee dat it ûndernimmersklimaat yn Noard-Nederlân frou-ûnfreonlik is. "Yn alle gefallen net by de minsken dy't by ús oansluten binne."

Wurkje op Ynternasjonale Frouljusdei

Yn dizze coronatiid is it lykas mei alle ferieningen en klups dreech byninoar te kommen. Uvon hat ien kear fysyk byinoar west mei oardel meter ôfstân en fierders online. Wat se dien hat op Ynternasjonale Frouljusdei? "Gewoan trochwurkje. Achter de kompjûter sitte." Se wolle graach wer wat mear romte mei de coronabeheiningen. Werom nei hoe't it altyd wie. "Dêr wachtsje wy rêstich op."