Corona-parsekonferinsje jûn online en op radio live by Omrop Fryslân

Omrop Fryslân stjoert moandeitejûn om 19.00 oere de parsekonferinsje fan premier Mark Rutte en minister Hugo de Jonge live út fia online en op de radio. Dêryn sil dúdlik wurde hokker nije maatregels it demisjonêr kabinet oankundiget oangeande de oanpak fan it coronafirus.
© ANP
Yn de parsekonferinsje meitsje premier Rutte en minister De Jonge bekend oft der fierdere ferrommingen mooglik binne. Se komme ûnder mear mei ynformaasje oer it skoalswimmen en winkeljen op ôfspraak. Nei alle gedachten wurdt de jûnsklok ferlinge oant ein maart. Ek bliuwt it negatyf reisadvys fan krêft, foarsizze 'ingewijden' yn Den Haag.
Sa't it no liket, komme gruttere ferrommingen pas ein maart.
De parsekonferinsje is fan 19.00 oere ôf te folgjen op ynternet en op 'e radio by Omrop Fryslân.