'Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben?': wurk dat ferskil makket

08 mrt 2021 - 16:11

Wannear meie en wannear moatte jo yngripe efter de foardoar? De nije telefyzjesearje 'Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben?' lit sjen hoe yngewikkeld oft it wurk fan Veilig Thuis en Jeugd- en Gezinsbescherming is. Mar ek hoe moai oft it wêze kin.

Foto: Omrop Fryslân

It útgongspunt is dat bern by heit en mem grut wurde kinne. Mar dat slagget net altyd. "En dan moatte jo yngripe", fertelt Marianne Sinot. Sy is direkteur fan it Regiecentrum Bescherming en Veiligheid. Dit is wurk wêrby't jo it ferskil meitsje kinne yn it libben fan bern. "De kearen dat it net goed útpakt, komme yn it nijs."

Dochs pakt it faak wol goed út, wit Sinot. Sa komme yn de searje jongelju oan it wurd dy't út eigen ûnderfining fertelle oer hoe't it wie om út hûs pleatst te wurden. Sy stean foar de kamera as selsstannige en krêftige jongfolwoeksenen. En dat is, fertelt Sinot, dêr't de besiele meiwurkers it foar dogge.

Start nije searje 'fan Binnenút, wa soarget foar in feilich libben

Utwei

De twadde helte fan de searje lit sjen hoe't it giet by Veilig Thuis. In soad minsken witte net dat se ek foar advys belle wurde kinne. Sinot hopet dat minsken dy't it programma sjogge en yn in ûnfeilige situaasje sitte, meikrije dat der altyd in útwei is. "Je kunt altijd iemand die je vertrouwt vertellen dat het niet goed met je gaat." Dat jildt foar bern, mar ek foar âlderein.

Ferline jier kamen der 85 meldingen binnen fan âldereinmishanneling. Ek hjir sit noch in taboe op, likegoed as op húslik geweld. Faak skamje minsken har en fine se it dreech om help te freegjen. It komt ek foar dat âlderen ôfhinklik binne fan soarch en dêrom mar neat sizze. Bern binne faak loyaal nei de âlden ta en sille net gau sels oan de belle lûke. Dan is it de taak fan de persoan dy't it sjocht - oft dat no in professional of in omstanner is - om te helpen. "Leaver tsien kear te faak belje as ien kear net", sizze de meiwurkers fan Veilig Thuis.

Agresje

De meiwurkers hawwe hast alle wiken te krijen mei agresje of yntimidaasje. Dat docht wat mei de wurkdruk, fertelt Marianne Sinot. Dy is heech, allinnich al fanwege de kompleksiteit fan it wurk. Boppedat nimt de regeldruk ta. Agresje docht noch in skepke boppe-op dy wurkdruk. "Daar liggen onze mensen soms wakker van."

It Regiecentrum Bescherming en Veiligheid bestiet út de ûnderdielen Jeugd- en Gezinsbescherming en Veilig Thuis, it advys- en meldpunt foar húslik geweld en/of bernemishanneling.

Ien persint

Mei de measte bern giet it goed, fertelt Marianne Sinot. Ien persint fan alle bern komt by de jongereinsoarch telâne. Dat komt del op 1.200 oant 1.300 bern yn Fryslân. Dy sifers feroarje net hiel bot. It seit wat oer de kompleksiteit fan de problemen. Dat giet faak fan generaasje op generaasje. Eins soene wy in libben lang om dizze húshâldingen hinne stean moatte. Net allinne út jongereinbeskerming of gebietteams wei, mar ek as famylje, buorlju of kunde, beslút Sinot.

De searje Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben? is fan moandeitejûn ôf alle moandeis te sjen op telefyzje om 17.15 oere en wurdt alle healoeren werhelle.

Fragen of fermoedens fan bernemishanneling, âldereinmishanneling of húslik gweld? Belje 0800-2000 (fergees, 24/7) of chat mei Veilig Thuis fia veiligthuisfriesland.nl

(Advertinsje)
(Advertinsje)