RIVM meldt twadde coronastjergefal op Skiermûntseach

08 mrt 2021 - 16:31

Foar de twadde kear yn ien wike meldt it RIVM dat der in ynwenner fan Skiermûntseach ferstoarn is oan it coronafirus. Alle dagen wurde der nije sifers bekend makke. Moandei binne der yn Fryslân 164 nije coronabesmettingen meld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Snein gie it om 140 nije besmettingen. Yn de ôfrûne wike binne der alle dagen yn trochsneed 155 besmettingen konstatearre. De measte nije besmettingen binne moandei meld yn de gemeenten Ljouwert (41), Súdwest-Fryslân (24) en Waadhoeke (20).

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren twa stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om ynwenners fan Skiermûntseach en Súdwest-Fryslân. Ien kear earder melde it RIVM dat in ynwenner fan Skiermûntseach oan it firus ferstoar. Dat wie op 2 maart.

Der binne yn de ôfrûne 24 oeren twa Friezen it sikehûs yn rekke mei it coronafirus. Dat giet om ynwenners fan Achtkarspelen en Dantumadiel.

Lanlike sifers

Lanlik binne der 3924 nije coronabesmettingen konstatearre.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

(Advertinsje)
(Advertinsje)