Gemeente Ljouwert wol mear strjitten nei froulju neame

Yn de gemeente Ljouwert moatte folle mear strjitten, pleinen en plantsoenen nei bysûndere froulju ferneamd wurde. De hiele Ljouwerter gemeenteried stiet achter it plan fan GrienLinks.
Gemeente Ljouwert wol mear strjitnammen nei froulju neame
De ferhâlding man-frou is noch hieltiy bryk as it giet om strjitnammen. Troch mear strjitten en pleinen te ferneamen nei froulju dy't harren stimpel drukt hawwe op de Ljouwerter skiednis hopet GrienLinks it doel fan Ynternasjonale Frouljusdei - want dat is it op 8 maart - tichterby te bringen. Dat doel is in maatskippij mei in folslein lykweardige posysje foar man en frou.
Aktuele sifers neame hoe't it yn de gemeente Ljouwert krekt sit mei de ferhâlding man-frou yn strjitnammen wit riedslid Femke Molenaar net. Molenaar is de inisjatyfnimster foar de moasje 'Blik op bijzondere vrouwen'. Yn de stêd is Grins mar 10 prosint fan alle strjitten dy't nei in minsk ferneamd is, nei in frou ferneamd en yn Amsterdam hâldt it mei 12 prosint ek wol op. Molenaar giet derfan út dat de ferhâlding yn Ljouwert net folle better wêze sil.

Tony Feitsma, Atje Keulen-Deelstra, Ruth de Jonge

Molenaar neamt in pear nammen fan bysûndere froulju op dy't neffens har wol ferneamd wurde kinne. Sy tinkt oan professor Frisistyk Tony Feitsma, reedrydster Atje Keulen-Deelstra, mar ek oan fersetsheldinne Ruth de Jonge. Oant twa jier ferlyn wisten de measte minsken net wa't sy wie. Dejinge by wa't se grut wurden is, Krijn van der Helm, is wol bekend en der is ek in strjitte nei him neamd yn Ljouwert.
Mear strjitten ferneame nei froulju hat in sinjaalwearde, fynt Molenaar. It is gjin oplossing foar problematyk lykas ekonomyske achterstelling of gendergefoelige medyske wittenskip, mar dat binne saken dêr't de Ljouwerter gemeenteried net in soad oer te sizzen hat.
Femke Molenaar, riedslid GrienLinks
© Omrop Fryslân, Onno Falkena

Moasje

De Ljouwerter gemeenteried sil op de earstkommende riedsgearkomste de moasje 'frjemd' oer bysûndere froulju nei alle gedachten mei algemiene stimmen oannimme. De ried docht dat yn 'e wittenskip dat der ferlet is fan nammen foar nije strjitten, pleinen en plantsoenen yn Ljouwert, want de stêd hat útwreidingsplannen.
Foar de nammejouwing wurdt gearwurke mei it histoarysk sintrum Ljouwert HCL en histoaryske feriening Aed Levwerd. Ek boargers kinne suggestjes foar nije strjitnammen yntsjinje, sa is it doel.
Harkje nei de reaksjes fan de minsken op strjitte