Metalfestival Dokk'em Open Air skrast, folgjende edysje mooglik pas yn 2023

08 mrt 2021 - 14:27

It metalfestival Dokk'em Open Air by Dokkum giet ek dit jier net troch. Fanwege corona moat de organisaasje konkludearje dat, nei de skraste edysje fan 2020, ek 2021 'geen haalbare kaart' is. De jildende coronamaatregels en de ûnwissichheid foar de kommende moannen meitsje it organisearjen en tarieden fan it festival mei nasjonale en ynternasjonale bands ûnmooglik, lit de organisaasje witte. Boppedat is it ûnwis oft it festival yn 2022 wol trochgean kin.

Foto: Omrop Fryslân, Lars Hoekstra

De lêste jierren wie it Tolhuispark fan Dokkum de lokaasje foar it festival, mar de gemeente Noardeast-Fryslân hat plannen foar de werynrjochting fan it park goedkard. It terrein giet takom jier op 'e skeppe en is dêrtroch net beskikber as festivallokaasje. De organisaasje fan Dokk'em Open Air tinkt yn 2023 wol wer gebrûk meitsje te kinnen fan it park.

Minsken dy't in kaartsje kocht ha foar dit jier, kinne har jild werom krije. Ek kinne se derfoar kieze om it bedrach of in part dêrfan te donearjen. De organisaasje nimt kontakt op mei elkenien dy't in kaartsje hat. Foar dit jier stiene ûnder oare de bands Epica (NL), DragonForce (GB) en Death Angel (FS) op it programma.

(Advertinsje)
(Advertinsje)