Stedsbeierdier Auke de Boer spilet Radar Love as earbetoan

08 mrt 2021 - 14:23

Nei it Frysk folksliet en nûmers fan The Rolling Stones sil de Fryske stedsbeierdier Auke de Boer no it nûmer Radar Love fan de Golden Earring hearre litte op it kariljon yn Dokkum en it oargel yn de Martinitoer yn Grins. De Boer spilet it nûmer as earbetoan oan Earring-gitarist George Kooymans op tongersdei 11 en freed 12 maart.

Foto: Omrop Fryslân

De Boer sil in konsert jaan fan in healoere. Njonken Radar Love sille ek oare Earring-hits te hearren wêze, lykas Antother 45 miles, Just a little bit of peace in my heart en Long Blond Animal.

Spiersykte ALS

Op 11 maart 1948 waard George Kooymans berne yn Den Haag. De gitarist is oprjochter fan de Golden Earring. Troch de spiersykte ALS kin er lykwols net mear optrede. Troch de coronamaatregels koe der gjin ôfskiedskonsert komme. Fandêr dat fans op dizze wize in earbetoan bringe oan de gitarist.

Radar Love

Troch it hiele lân hinne sil op tongersdei 11 maart om 17.15 oere it nûmer Radar Love te hearren wêze op radiostasjons, mar ek yn de publike romte. Ek Dikkie Smids út Ljouwert docht hjir oan mei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)