Lyts natuerbrantsje Driezum mooglik oanstutsen

08 mrt 2021 - 13:50

De brânwacht fan Kollum en Damwâld hat sneon en snein drok west mei it útmeitsjen fan in natuerbrantsje yn de Rinsma Pôle. In oplettende foarbygonger seach sneontejûn dat der brân wie yn it natuergebietsje en warskôge de helptsjinsten. Mooglik is de brân oanstutsen. In wurdfierder fan de plysje koe dat lykwols net befêstigje.

Brân Rinsma Pôle - Foto: ProNews / Kevin van der Velde

De Rinsma Pôle is in lyts natuergebiet oan it wetter fan de Petsleat, súdeastlik fan Driezum. It natuerbrantsje wie rap ûnder kontrôle, om't de brânwacht gebrûk makke fan in spesjaal skomsysteem. Op it plak fan de natuerbrân hat ôfrûne simmer ek alris brân west, sa skriuwt RTV NOF.

Brân lôge wer op

Neffens Ingrid Weert fan de Veiligheidsregio Fryslân hat de brânwacht snein 'nabluswerkzaamheden' útfierd. Op trije plakken begûn de brân fan sneon opnij op te lôgjen. Neffens RTV NOF docht de lokale plysje ûndersyk nei de tadracht fan de brân.

Trefwurden: 
natuerbrân Driezum
(Advertinsje)
(Advertinsje)