KNVB Jeugdraad pleitet foar fuotbaljen op fytsôfstân

Meitsje it foar jeugdteams wer mooglik om wedstriden te spyljen, as tsjinstanners op 'e fyts te berikken binne. Dat seit de KNVB Jeugdraad, alve jongeren fan fjirtjin oant en mei santjin jier dy't by it fuotbalbûn goed 600.000 jeugdleden fertsjintwurdigje. Lid fan de jeugdried Nynke de Nas, dy't fuotballet by de famkes fan VV Akkrum, sjocht der bot nei út. "De verveling slaat wel echt toe op de onderlinge partijtjes en de trainingen. We hebben echt meer nodig."
© Omrop Fryslân
Fanwege de coronaregels meie op it stuit fuotballers oant 27 jier wol ûnderling traine yn in groep, mar gjin wedstriden spylje. As dat troch it regear tastien wurdt foar klups dy't op fytsôfstân faninoar lizze, kin der neffens de jeugdried in ein komme oan de sleur dêr't de jongeren no ynsitte. Neffens de KNVB is it tal sportende bern yn coronatiid nei in 'historisch dieptepunt' sakke.
De gedachte efter it fytsfoarstel fan de jeugdried is dat de reisbewegingen beheind bliuwe. "We zitten niet met ouders in een auto, dus minder bewegingen met mensen die niet mee hoeven", seit Nynke. Neffens har binne der yn de omkriten fan Akkrum genôch teams dêr't har ploech tsjin spylje kin. "We kunnen naar Jirnsum, Grou, Heerenveen. Dat is prima te doen allemaal. En dan heb je toch meer afwisseling."
De leden fan de KNVB Jeugdraad sille it plan, dat noch wol fierder útwurke en bepraat wurde moat mei de KNVB, moandei yn it Jongeren Voetbaldebat foarlizze oan politisy fan SP, GroenLinks, PvdA, VVD, D66 en CDA.
Nynke de Nas fan de KNVB Jeugdraad