Fleanfjild Lelystêd wol meiliftsje op PAS-melding boeren en dat moat net, fine tsjinstanners

08 mrt 2021 - 12:58

De Earste Keamer moat de nije stikstofwet net oannimme, salang't Lelystêd Airport ek op de list stiet mei PAS-meldingen dy't goedkard wurde. Dat fine tsjinstanners fan it fleanfjild. De Earste Keamer stimt tiisdei oer de stikstofwet. Op de list fan boeren foar legalisaasje fan stikstofútstjit stiet ek it fleanfjild en dat heart dêr net, fine de tsjinstanners.

Foto: Omrop Fryslân

It fleanfjild is sa goed as klear, mar mei noch net yn gebrûk naam wurde. De nije wet om de útstjit fan stikstof te ferminderjen, soarget foar fertraging. De fleantugen komme leech oer in trijetal Fryske gemeenten en dêr is ek wjerstân tsjin.

Melding fleanfjild tusken de boeremeldings

Underdiel fan de stikstofwet is de legalisaasje fan in grut tal PAS-meldingen fan boeren dy't harren oanmeld hawwe. Oars soene se harren wurk yn de takomst net mear of mar beheind dwaan kinne. Op de list fan PAS-meldingen stiet ek in melding fan Lelystad Airport foar 45.000 fleanbewegings fan grut fleanferkear. De Werkgroep Laagvliegroutes Nee fynt dat dy melding dêr net thúsheart.

Tsjinmoasje Earste Keamer

Earste Keamerlid Koffeman tsjinnet tiisdei in moasje yn tsjin de legalisearring fan fleanfjild Lelystêd. De Samenwerkende Actiegroepen Tegen Laagvliegen Lelystad (SATL) hawwe yn in brief oan de Earste Keamer harren beswieren kenber makke tsjin de gong fan saken.

Leech fleane oer Fryslân

De Fryske Werkgroep Laagvliegroutes Nee wiist Deputearre Steaten fan Fryslân en de boargemasters en wethâlders fan de trije Fryske gemeenten dêr't de fleantugen leech oer komme sille, op de tsjinmoasje. Dat binne de gemeenten Weststellingwerf, Opsterlân en De Fryske Marren.

Fûle reaksje boeren ferwachte

De tsjinstanners ferwachtsje fan boeren ek in fûle reaksje. It giet om in 'omstreden dossier'. De PAS-melding foar it fleanfjild is ten ûnrjochte dien, want foar it projekt wie in natuerfergunning fereaske, sizze de tsjinstanners. De 22 boargersgroepen (mei dêrby ek de Werkgroep Laafgvliegen Nee) binne feriene yn de SATL. Dy hat oanjefte dien fan fertinking fan in strafber feit (ekonomysk delikt).

Minister hat tajûn dat berekkeningen net doge

Dat it dossier net sûnder wryt of slyt is, docht bliken út in MER-rapport, sizze de tsjinstanners. Dêr stie yn dat de PAS-meldingsberekkeningen net doge. It RIVM kaam ta deselde konklúzje. De minister hat dat tajûn, neffens de aksjegroep. Fierders erkent de minister dat der flaters makke binne yn berekkeningen foar it weiferkear. De PAS-melding foar fleanfjild Lelystêd sitte dy fouten ek wer yn.

Mei twa maten mjitte

De tsjinstanners ferwachtsje fan de boeren in fûle reaksje, omdat it fleanfjild op ûneigenlike grûnen rjocht tinkt te hawwen op in natuerfergunning dy't se mei earlik wurk net krije kinne. It mei twa maten mjitten moat mar ris dien wêze.

PAS stiet foar Programma Aanpak Stikstof. Boerebedriuwen hiene fan 2015 oant 2019 gjin fergunning nedich by beheinde stikstofútstjit, want doe wie der de PAS. In melding dwaan wie genôch. Op oare plakken yn natuergebieten soe der dan kompensaasje komme. Mei de nije stikstofwet kin dy ferromming net mear. Boeren, bouprojekten en wegebouwers komme yn de knipe. In soad boerebedriuwen stjitte mei de kij tefolle stikstof út. Mar ek de loftfeart spilet mei by de stikstofútstjit.

(Advertinsje)
(Advertinsje)