Ekolooch giet treurprotter te liif mei beferzen ierdbeien

08 mrt 2021 - 11:59

Ekolooch Johannes Ruurd Fokkens is moandeitemoarn op It Hearrenfean úteinset mei syn jacht op de treurprotter. Dêrfoar hat Fokkens spesjale fangkouwen meinaam. Yn de kouwen lizze beferzen ierdbeien. "Treurprotters binne sljocht op fruit", wit de ekolooch. "Ik ha de ierdbeien allinnich wat te let út de frieskast helle." Mar 'niet getreurd', sels mei beferzen ierdbeien moat it ek slagje.

Ekolooch yn aksje tsjin treurprotter

De treurprotter is in eksoat, dy't lânseigen fûgels terrorisearret. Dêrom hat de Provinsje Fryslân Fokkens frege om de bistjes te fangen. Dat moat lykwols perfoarst op 'bistfreonlike' wize barre. Fokkens mei de fûgels dus net ôfsjitte. "Ik fang se en bring se nei in opfanglokaasje", leit er út.

Tûke fûgels

Dat is lykwols makliker sein as dien, docht al rap bliken as Fokkens op It Hearrenfean oan syn jacht begjint. "De treurprotter is net ûnnoazel en lit him net samar fange. It binne tûke bisten, dy't leare fan harren eigen foutsjes. Dus it is noch net sa ienfâldich om se te fangen. Mar ik sil myn bêst dwaan."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort gong mei ekolooch Johannes Ruurd Fokkens op 'en paad

(Advertinsje)
(Advertinsje)