Krantedief mei nei it buro
In 30-jierrige man út Wolvegea hat woansdei koart op it plysjeburo sitten om't er in krante meinaam hie sûnder te beteljen. Op it treinstasjon fan It Hearrenfean pakte de man in krante út it kranterek en rûn dêrnei fuort. In tsjûge belle dêrop de plysje. Nei ferhoar mocht de Wolvegeaster wer nei hûs.