Tredde faksinaasjelokaasje yn Fryslân iepen: ek yn Snits wurdt prikt

08 mrt 2021 - 10:02

Nei Ljouwert en Drachten kinne minsken harren tenei ek yn Snits faksinearje litte tsjin it coronafirus. Moandeitemoarn wie de 82-jerrige Klaas Wijnia út Boalsert as earste oan bar. Meiwurkers fan GGD Fryslân kinne alle dagen sa'n 250 minsken faksinearje yn Snits. As der mear coronafaksins beskikber binne, kinne yn Snits goed tûzen minsken deis prikt wurde.

Foto: GGD Fryslân

Ferline wike waard yn Drachten ek al in nije faksinaasjelokaasje iepene yn it Fries Congrescentrum. Earder al waard it WTC Expo yn Ljouwert omboud ta de earste faksinaasjelokaasje fan Fryslân.

De kommende wiken wol de GGD ek noch priklokaasjes iepenje op It Hearrenfean, yn Dokkum, Koudum en Frjentsjer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)