Fernijd doarpshûs Kollumerpomp hast klear: "Wy ha sin oan in bierke oan de bar"

08 mrt 2021 - 09:01

Dêr't in soad ûndernimmers harren winkel, kroech of restaurant yn de coronalockdown flink ûnder hannen nimme, hawwe se de lockdown yn Kollumerpomp ek goed brûkt. Dêr strûpten ferskate frijwilligers de mouwen omheech om it doarpshûs te fernijen. It resultaat is te bewûnderjen as der nije wike stimd wurde mei. "Wy wolle elkenien graach sjen litte hoe moai oft it wurden is. Wy binne al dizze frijwilligers hiel tankber", seit Klaas Kuiken fan it doarpshûs.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

It begûn allegear mei it plan om it plafond te isolearjen, mar al rap folge der in flinke ferbouwing. Klaas Kuiken fertelt entûsjast oer de groep frijwilligers dy't de ôfrûne moannen it doarpshûs fernijden. "Fia it Iepen Mienskipsfûns krigen wy jild om de boel te isolearjen. Dêrmei koenen wy ek noch mear dwaan. It plafond, de bar, de muorren, de flier; alles ha wy oanpakt."

Ek yn de keuken is der fan alles fernijd. It liket wol in profesjonele keuken út in restaurant. Frijwilliger Corien Boerema is sa grutsk as in pau. "Alles is der hjir útgongen en wy hawwe alles nij. Dit is de grutste ynvestearring yn it doarpshûs. Hjir hat de ponghâlder fêst wol in nachtsje fan wekker lein", laket se.

Klaas Kuiken is grutsk op de frijwilligers

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Boerema fersoarget tegearre mei sechstich frijwilligers de tsjinsten yn de snackbar yn it wykein. "Dan stean wy hjir mei ús trijen en is it smoardrok." De nije keuken jout folle mear mooglikheden as de âlde keuken. Boerema: "Wy ha al efkes oan it tinken west om mear iten te meitsjen as allinnich de snackjes, bygelyks plates en dagmenu's. Mar alle frijwilligers moatte dat fansels ek kinne."

Kuiken en Boerema ha der no al sin oan om mei alle ynwenners en de frijwilligers in bierke te drinken op it fernijde doarpshûs. In feestlike iepening fan it fernijde doarpshûs kin der yn coronatiid spitigernôch net komme, mar nije wike tsjinnet it gebou wol as stimlokaal foar de lanlike ferkiezings. En dus kinne alle ynwenners dan it prachtige resultaat besjen.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman sjocht yn de fernijde keuken

Trefwurden: 
doarpshûs Kollumerpomp
(Advertinsje)
(Advertinsje)