Kollum: "Op de amer"

08 mrt 2021 - 08:20

"Krekt as hiel Nederlân ha wy de simmerfakânsje al moannen lyn boekt. It wurdt dit jier in hûske yn Drinte, mei in eigen dûs en wc. Wêr't ik foarhinne wol hold fan spartaansk kampearje yn in tintsje, wurdt ús ferbliuw de ôfrûne jierren stadichoan hieltyd lúkser. Dat begong twa jier lyn mei in tinte mei bêden en in kuolkast der yn. Ferline jier kaam dêr in eigen keukentsje by. En dizze simmer in eigen dûs en wc. De pisamer kin dit jier dus thús bliuwe. En dat is mar goed ek, want ék thús ha wy 'm nedich.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

No't wy in the middle of nowhere wenje oan in sânreed, binne wy net langer oansluten op it rioel. Wa't no tinkt dat ús keuteltsjes streekrjocht de sleat yn dobberje, hat it mis. Sa prehistoarysk is it no ek wer net. Sterker noch: wy ha miskien wol ien fan de meast moderne wizen fan riolearring. Wy ha ûnder de grûn nammentlik in IBA. Dat is in soarte fan septictank, dy't al ús wetter suveret fia in yngenieus systeem fan allerhanne baktearjen. Sjochst en rûkst der neat fan. It iennige dat te sjen is, is in grien kastje boppe de grûn.

Trije wike lyn brânde it reade lampke op ús griene kastje. Doe't wy it hûs kochten, waard ús ferteld dat soks betsjut dat der steuring is. Yn dat gefal koenen wy it nûmer belje fan de gemeente. Mar sleau dat wy der binne, lieten we it reade ljochtsje in pear dagen brâne. It probleem soe himsels wis en warachtich sels wol oplosse. Unnoazel fansels, want op freedtemiddei gong it mis. De wc rûn hielendal fol mei wetter doe't ik trochspielde. En út de badkeamer wei kamen nuvere lûden, as wennen wy boppe op in fulkaan dêr't de lava begong te buorreljen.

Fielst 'm al oankommen: krekt foar fiif oere op freedtemiddei bellen wy mei de gemeente. Kinst sizze watst wolst, mar der waard fuortendaliks opnaam. Us redder yn need koe saterdeitemoarn om tsien oere lânskomme om ús út de brân te helpen. Of út de shit yn dit gefal. Wol joech er ús as tip om yn de sleat it buiske fan ús IBA frij te meitsjen fan sân en modder. Meastentiids wie dat it euvel fan in steuring, joech er oan.

Dus wy grave. En ja hear, der kaam fuortendaliks in fluts wetter út. Mar dêrmei wie de steuring noch net oplost. It lampke bleau read en de wc spielde noch altyd net troch. Dus dy freedtejûns bin ik nei souder klom om de amer op te heljen. De pisamer waard ús tydlike wc-pot. Nei in oere moast der al ien poepe. Op de amer. En ek al dienen we de deksel der wer op, it stonk troch de hiele badkeamer.

Achter yn it bosk, op in plak dêr't wy gewoanwei net komme, ha'k de amer lege. Mei de noas stiifticht en azemjend troch de mûle. Noch efkes de amer goed omspiele mei hyt wetter en doe koe de nacht begjinne. Al hoe bot wy ús bêst ek dienen om net te pisjen, wy moasten fansels alle beide. Dus op 'e nij op de amer.

Saterdeitemoarns doe't ik de amer lege, kaam de gemeenteman ús hiem op riden. It reade lampke wie yntusken al út seach ik. Hy tilde it putdeksel fan de tank, kontrolearre it kompjûterkastje en seach by de sleat. Neat oan de hân. Wy mochten wer nei de wc.

Trije wike letter stiet de amer wer op souder. Krekt om it hoekje, sadat wy 'm sa wer pakke kinne. Op fakânsje hoecht er dan miskien net mear mei, mar yntusken wit ik út eigen ûnderfining dat sa'n amer altyd handich is as der thús stront oan de knikker is."

(Advertinsje)
(Advertinsje)