Ljouwerter wethâlder Tjeerdema: "Hâld jeugdsoarch by gemeenten, hef Fryslân mar op"

Wêrom soene wy Fryslân net opheffe? Dy fraach stelde de Ljouwerter wethâlder Hilde Tjeerdema ferline wike op twitter. It wie in reaksje op in stik fan professor Caspar van den Berg. Van den Berg pleitet derfoar om gemeentlike taken lykas de jeugdsoarch wer ûnder te bringen by de provinsje. Tjeerdema, sels as wethâlder ferantwurdlik foar de portefúlje jeugdsoarch, is dêr poer op tsjin.
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Professor Van den Berg skriuwt yn syn stik yn de Volkskrant dat er yn de provinsjes Fryslân en Seelân in eksperimint opsette wol. De jeugdsoarch, it klimaatbelied en de Veiligheidsregio soene wer ûnderbrocht wurde moatte by de provinsje, fynt er. Op dy wize kin de demokratyske kontrôle fierder fersterke wurde. Ien fan de wichtichste arguminten fan Van den Berg is dat in soad fan de beslissings fan de gemeenten provinsjaal ynfloed hawwe en dat net alle oare belutsen gemeenten dêr likefolle ynfloed op hawwe.

Teory en praktyk

Wethâlder Tjeerdema begrypt de soargen fan de professor, mar sjocht neat yn syn plannen. "Teoretysk sjoen kinne der moaie ideeën betocht wurde, mar praktysk kloppet it foarstel net", fynt se. "Benammen as it giet om soarch stean gemeenten folle tichter by de minsken. Lit gemeenten yn alle libbensdomeinen fan minsken aktyf wêze."
Neffens Tjeerdema basearret Van den Berg him op in situaasje yn Seelân dêr't it misgien is. Dat spilet hjir net, fynt se. "Wy binne fan 2015 ôf dwaande om dit foarm te jaan. It begjint no krekt goed te rinnen en dan soenen wy no alles werombringe nei de provinsje. Dat is gekkewurk."

Mear jild

Wol hat Van den Berg in punt as it giet om hoe yngewikkeld oft de soarchtaken binne foar gemeenten, fynt de Ljouwerter wethâlder. "It rint útien fan hiel lichte soarch oant hiel swiere soarch. Dat is net altyd maklik, mar wy binne al in hiel ein op wei."
Tjeerdema soe graach in berop dwaan wolle op it ryk om mear jild te krijen om dit ek goed te organisearjen. "Mar ik tink net dat it probleem oplost wurdt as de provinsje it wer regelet. Yn myn belibbing kinne we mear foar minsken betsjutte as gemeente, as dat de provinsje dat kin. Seker yn de jeugdsoarch."
Wethâlder Hilde Tjeerdema