Steatsboskbehear set noch mear geiten yn foar bestriding fan 'vogelkers'

Steatsboskbehear op Skylge set noch mear geiten yn tsjin de opkommende Amerikaanske vogelkers op it eilân. De plant soarget derfoar dat iepen dúngebieten by de Noordsvaarder yn in koart skoftke tiid feroaret yn bosk. Steatsboskbehear wol dat foarkomme troch in keppel fan 150 geiten yn te setten, dy't de plant opfrette.
© ANP Foto
Boskwachter Joeri Lamers is fan Steatsboskbehear en leit út wat it probleem krekt is. "De vogelkers is een exoot. Hij is in de jaren '60 aangeplant op het eiland, niet wetende dat hij heel erg zou gaan woekeren. Sinds de jaren '80 zijn we druk bezig om deze vogelkers met grazers te lijf te gaan. Iedereen kent de duinen als een open gebied met bijzondere planten en dieren. Als je niets doet, verdwijnen hele delen onder een deken van Amerikaanse vogelkers. Dat willen we voorkomen."

Natuerlike bestriding

Yn stee fan de plant sels ûnder hannen te nimmen, kiest Steatsboskbehear foar in natuerlike oanpak. "Sinds een groot aantal jaar hebben we een kudde geiten op het eiland, die we verder gaan uitbreiden tot 150 exemplaren. Geiten blijken een bewezen middel om de vogelkers tegen te gaan."

Kuierje yn it gebiet

De geiten rinne yn in ôfrastere gebiet om foar te kommen dat se ek by minsken yn de tún rinne. Dat smyt lykwols gjin problemen op foar kuierders, seit Lamers ta. "Wandelaars kunnen het afgerasterde gebied gewoon betreden. Je mag over het hek heen stappen en hier een stuk gaan wandelen. En we maken later klaphekjes, zodat je nog gemakkelijker in het afgerasterde geitengebied kunt komen."

Wurk fan de geiten

Nettsjinsteande de ynset fan de geiten hat Steatsboskbehear dochs ekstra wurk fan de bestriding fan de vogelkers. Lamers: "We hebben gekozen voor heel robuuste Nederlandse landgeiten, die het hele jaar buiten kunnen staan. Maar we moeten ze uiteraard wel meerdere keren bekappen en jaarlijks inenten. Je hebt er dus alsnog wel werk van."
Boskwachter Joeri Lamers