Kening Willem-Alexander: "Prachtig om Suzanne Schulting met overmacht te zien winnen"

07 mrt 2021 - 21:14

Kening Willem-Alexander en keninginne Máxima fûnen it 'prachtich' om te sjen hoe't Suzanne Schulting op it WK shorttrack alle ôfstannen wûn. Se ha de Fryske shorttrackster lokwinske mei har oerwinning.

Foto: ANP

Yn in berjocht op facebook meldt it Keninklik Hûs dat it keningspear sjoen hat hoe't Schulting mei oermacht alle ôfstannen wûn. De wrâldtitel by de mannen en de froulju op de relay neame se "een passende afsluiting" fan it kampioenskip.

Sjoch hjirûnder nei it folsleine berjocht.

Wat prachtig om Suzanne Schulting met overmacht alle afstanden te zien winnen bij het WK shorttrack. Het winnen van de wereldtitel op de aflossing door zowel de mannen- als de vrouwenploeg is een passende afsluiting van dit wereldkampioenschap. Van harte feliciteren wij iedereen met deze geweldige prestatie.

WA en Máxima

(Advertinsje)
(Advertinsje)