Schulting kin allinne noch mar laitsje: "Ik bin hiel bliid mei alles"

07 mrt 2021 - 20:58

Der kamen net folle wurden mear út Suzanne Schulting, neidat se mei oermacht wrâldkampioen wurden wie. Se wûn alle ôfstannen. En de superfinale. En de relay. Schulting koe nei ôfrin allinne noch mar laitsje. En se hat in doaze wyn yn de auto te lizzen, seit se. Jûn giet er leech.

Foto: ANP

It is 38 jier lyn dat ien frou alle ôfstannen wûn op in WK, sei Schulting nei ôfrin. "Dat heb ik net gehoord." It jout wol wat oan, mar se bliuwt der koel ûnder. "Het is heel bijzonder. Maar ja, ik vind het ook heel wat om dat over jezelf te zeggen."

It fraachpetear mei ferslachjouwer Andor Faber kaam net folle fierder as dat. Schulting laket allinne mar. "Dit wurdt neat mear sa", seit Faber, flak foardat er de lêste fraach stelt.

Suzanne Schulting

Schulting fiert jûn in lyts feestje. Se hat in doaze wyn meinaam, út Hearrenfean. Dy leit al in wike yn de auto, seit se, en jûn giet er leech. "Niet voor mij alleen, maar dat delen we. Het is een groot team."

Sjinkie Knegt hat 'lekker riden' mar pakte gjin punt

Sjinkie Knegt makke net folle klear dit wykein. Yndividueel helle hy net ien punt. Dat it in weardeloas toernoai wie, wol er net sizze. "It wie net fantastysk. Mar ik ha wol lekker riden, en as it dan net je kant op falt, dan is dat skande." De gouden medalje op de relay makket alles goed, seit er.

Sjinkie Knegt

Knegt hat der in skoft út west, nei in ûngelok mei in houtkachel. Foar dit toernoai sei er dat er er op 90 persint fan syn krêft siet, yn fergeliking mei de tiid foar it ûngelok. Dat is noch hieltyd sa, seit er. "Je wurde yn ien wykein fysyk net folle better. Mar it komt allegearre wol goed!"

De Laat tinkt dat er better is as er tinkt

Foar Itzhak de Laat makket de relaymedalje in protte goed, mar net alles. "Er zit nog wel een klein steekje in mijn hart, van het individuele toernooi. Maar de relay winnen is wel de mooiste afsluiting, met het team winnen. Dus ik sta hier met een lach."

Itzhak de Laat

De Laat is grutsk op it twadde plak yn de superfinale. Mar hy baalt derfan dat er punten lizze litten hat. "Ik viel terug in mijn oude gedrag. Misschien onderschat ik mezelf. Ik was verbaasd, dat ik zilver won op de 1.500 meter. Ik ben beter dan ik denk, denk ik."

De Vries rekkene derop dat se de relayfinale ride soe

Rianne de Vries siet yn it team dat goud pakte op de relay, ek al stie se yn de finale oan de kant. "We binne in team, en we ride allegearre sa hurd, dus ja... Der moat altyd ien oan de kant stean." Se baalt der goed fan. "Dêr train ik net foar, om oan de kant te stean."

Rianne de Vries

Dat se de finale net ride soe, hearde se flak fantefoaren. "Ik die de warming-up oft ik de finale ride soe. Dêr hie ik ek rekken mei holden."

It is in beladen wrâldtitel, trochdat Lara van Ruijven der net by wie. Se ferstoar foarich jier oan in slimme sykte. "Twa jier lyn wiene we wrâldkampioen oan it wurden, mar doe foelen we. Mei dat team ha we net noch in kâns krigen, mar it fielt oft we it mei Lara dien ha."

(Advertinsje)
(Advertinsje)