Nije coronabesmettingen MCL: sikehûs nimt maatregels by ferloskunde

Trije meiwurkers en ien pasjint fan de ôfdieling ferloskunde fan it MCL binne posityf test op it coronafirus. Dat meldt it Ljouwerter sikehûs. Der wurde maatregels naam om fierdere fersprieding fan it firus foar te kommen.
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
It is net de earste coronabesmetting yn it sikehûs. Earder wie de ferpleechôfdieling onkology ticht fanwege in grutte corona-útbraak. In tweintichtal meiwurkers en in tsiental pasjinten rekken besmet.

Maskerplicht en oare maatregels

Alle meiwurkers fan de ôfdieling ferloskunde wurdt no frege om in coronatest te dwaan foardat se wer oan it wurk geane. Dy ôfdieling hat 14 kreamkeamers, 7 ferloskeamers, 1 triaazjekeamer en 6 bêden foar gynekologyske pasjinten.
It sikehûs meldt dat de algemiene hygiëne- en ôfstânsregels ferskerpe binne. Der binne ek oare maatregels naam. Pasjinten en partners ha in sjirurgysk mûlmakser op as se mei it personiel yn kontakt komme, besite is allinne tastien fan de partner, en de saneamde neosuites binne sletten. Dat binne spesjale keamers foar poppen dy't ekstra soarch nedich ha.
It sikehûs meldt dat troch dizze maatregels, mei yngreven boarne- en kontaktûndersyk, de besmettingen ûnder kontrôle binne.