Skries kriget muzikaal wolkom yn Easterlittens

07 mrt 2021 - 20:07

Oft de skriezen der wiis mei binne is de fraach, mar snein krigen se in muzikaal wolkom yn Easterlittens. De sjongers Syb van der Ploeg en Wiebe Kaspers makken in spesjaal wolkomsliet. Foar de skries mar ek om it begjin fan de maitiid te fieren.

Foto: Jaap Terpstra

Sa klonk it muzikale wolkom foar de skries

It wolkom is organisearre troch it boargerinisjatyf Kening fan 'e Greide. Dy wol sa omtinken freegje foar de greidefûgels. Dêr giet it net goed mei. Der binne hieltyd minder briedpearen te finen yn de provinsje. Benammen mei de skries giet it net goed.

It muzikale wolkom moat de greidefûgels hearre litte dat se wolkom binne yn de provinsje. De earste skries is al werom út Afrika. Aent Lieuwes fûn ein ferline wike syn tydlike thús yn in stik greide súdlik fan Snits.

(Advertinsje)
(Advertinsje)