Kandidaat-Keamerlid op kampanje bout tintekamp tsjin wenningneed

07 mrt 2021 - 17:49

In ludyk protest snein op De Terp yn Wommels: kandidaat-keamerlid Habtamu de Hoop (PvdA) boude dêr mei sa'n 30 tinten in grutte 'wenkeamer'. Hy wol op dizze wize omtinken freegje foar it tekoart oan betelbere huzen yn de provinsje.

Sjoch nei de reportaazje

It tintekamp stiet neffens De Hoop symboal foar de problemen dy't jonge Friezen tsjinkomme. Dy kinne mar hiel dreech in goedkeap hûs fine of in sosjale hierwente. Der is neffens De Hoop mar ien oplossing: "Mear bouwe, bouwe en nochris bouwe."

Hy fynt dat de oerheid mear stjoere moat op de wenningmerk. "De minister no, Ollongren, docht allinnich mar ûndersyk. Mar sa't Jan Schaeffer eartiids al sei: 'In gelul kun je niet wonen.'" De PvdA wol dan ek dat der alle jierren 100.000 huzen boud wurde. De ferhierdersheffing moat ek skrast wurde, en hûskemelkers soene oan bannen lein wurde moatte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)