Histoarysk goud foar shorttrackfroulju op relay, manlju ek wrâldkampioen

De Nederlânske froulju binne snein foar it earst yn de histoarje wrâldkampioen wurden op de relay. It betsjut dat Suzanne Schulting neist alle fjouwer yndividuele ôfstannen dus ek op dit ûnderdiel wrâldkampioen is. De mannen pakten ek in gouden medalje.
© ANP

Froulju

De froulju rieden mei Schulting, Selma Poutsma, Xandra Velzeboer en Yara van Kerkhof. Rianne de Vries fan Akkrum mocht sneon yn de heale finales noch wol ride, mar bleau yn de finale oan de kant.
Spannend waard it yn de finale gjin momint, om't Nederlân in klasse apart wie. Boppedat foelen de Italiaanske en de Russyske ek nochris, wêrtroch't fan konkurrinsje eins gjin sprake wie.
De sulveren medalje gie nei de Frânske ploech, tredde waard úteinlik Italië.

Utslach relay froulju

1. Nederlân
2. Frankryk
3. Italië
4. Ruslân

Manlju

Deselde fjouwer manlju kamen by Nederlân yn aksje as sneon yn de heale finale. Dy ploech bestie út trije Friezen, nammentlik Sjinkie Knegt, Itzhak de Laat en Daan Breeuwsma, mei Jens van 't Wout.
Betiid yn de finale kamen de Italiaanske manlju te fallen, wêrtroch't de striid om de medaljes tusken Nederlân, Hongarije en Ruslân gie. Mar, sa'n tsien ronden foar de ein foelen ek de Hongaren. Yn de lêste rûntsjes bleaunen de Nederlanners oan kop, mei tank oan in goeie lêste triuw fan Knegt en in sterke einsprint fan De Laat.
Ruslân krige lykwols noch in penalty, wêrtroch't de Hongaren en de Italianen nettsjinsteande harren fal dochs noch in medalje pakten.

Utslach relay manlju

1. Nederlân
2. Hongarije
3. Italië
Ruslân penalty