Gaotyske superfinale bringt Itzhak de Laat nei fiifde plak yn klassemint

07 mrt 2021 - 16:26

Itzhak de Laat falt bûten de medailles op it wrâldkampioenskip shorttrack. Nei in gaoatyske superfinale klom er op nei it fyfde plak yn it einklassemint. De Laat hie in bliksemstart en pakte in rûntsje foarsprong, mar de Frânsman Charles Lepape oertrof him en pakte nóch in rûntsje. Dêrtroch waard De Laat úteinlik twadde yn de superfinale. Hy kaam twa punten tekoart foar in medalje.

Foto: Orange Pictures

Mei de oerwinning fan Lepape en it twadde plak fan De Laat komme beide manlju yn it klassemint op likense hichte. Mar trochdat Lepape ien kear earste wurden is, wurdt hy fjirde en De Laat fyfde. De oerwinning yn it klassemint giet nei de Hongaar Shaoang Liu.

Utslach superfinale

1. Charles Lepape (FRA)
2. Itzhak de Laat
3. Shaolin Sandor Liu (HON)
4. Dylan Hoogerwerf
5. Semen Elistratov (RUS)
6. Shaoang Liu (HON)
7. Charles Hamelin (KAN)
8. Pietro Sighel (ITA)

Utslach allroundklassemint

1. Shaoang Liu (HON) 60 punten
2. Sandor Shaolin Liu (HON) 55 punten
3. Semen Elistratov (RUS) 44 punten
4. Charles Lepape (FRA) 42 punten
5. Itzhak de Laat 42 punten
6. Charles Hamelin (KAN) 41 punten
7. Pietro Sighel (ITA) 27 punten
8. Dylan Hoogerwerf 16 punten
Trefwurden: 
WK shorttrack Itzhak de Laat
(Advertinsje)
(Advertinsje)