Maksimale skoare op WK foar Schulting nei winst yn superfinale

Suzanne Schulting hat snein ek de superfinale fan it wrâldkampioenskip shorttrack op har namme skreaun. Dêrmei wint se alle fjouwer de ôfstannen fan it WK. Twaëninheale ronde foar de ein sette Schulting oan yn de superfinale, wêrnei't se net te folgjen wie foar de konkurrinsje.
© Orange Pictures
Schulting wie al foar it begjin fan de superfinale wis fan de allround-titel, trochdat se earder al goud pakte op de 500 meter, de 1.000 meter en de 1.500 meter.
Suzanne Schulting
It sulver yn it klassemint giet nei Courtney Sarault fan Kanada, tredde wurdt de Italiaanske Arianna Fontana. De twa oare Nederlanners Selma Poutsma en Xandra Velzeboer einigje as respektyflik fjirde en sechde.

Utslach superfinale

1. Suzanne Schulting
2. Courtney Sarault (KAN)
3. Selma Poutsma
4. Hanne Desmet (BEL)
5. Arianna Fontana (ITA)
6. Kristen Santos (FS)
7. Sofia Prosvirnova (RUS)
Xandra Velzeboer (penalty)

Utslach allroundklassemint

1. Suzanne Schulting 136 punten
2. Courtney Sarault (KAN) 58 punten
3. Arianna Fontana (ITA) 39 punten
4. Selma Poutsma 37 punten
5. Hanne Desmet (BEL) 27 punten
6. Xandra Velzeboer 15 punten
7. Sofia Prosvirnova (RUS) 13 punten
8. Kristen Santos (FS) 11 punten