Suzanne Schulting wrâldkampioen mei trije gouden medaljes

07 mrt 2021 - 16:30

Suzanne Schulting is foar de twadde kear yn har karriêre wrâldkampioen wurden yn it allroundklassemint. Trochdat se ek de 1.000 meter op har namme skriuwt, is de shorttrackster fan De Tynje net mear by te heljen yn de superfinale. It iennige dat Schulting dwaan moat om de wrâldtitel offisjeel binnen te heljen, is finishe yn de superfinale dy't letter snein ferriden wurdt.

Foto: Orange Pictures

It is de twadde kear ek dat Schulting wrâldkampioen wurdt op de 1.000 meter. Dat slagge har twa jier lyn, by it lêste WK yn it Bulgaarske Sofia, ek.

Dizze kear gie it mei likefolle oermacht as sneon op de 1.500 meter en op de 500 meter, dy't Schulting ek al wûn. Se ried hast de hiele rit oan kop en efter har koe eins allinne de Belgyske Hanne Desmet folgje. Dy hâlde Schulting lykwols efter har, wêrtroch't se ek de 1.000 meter op har namme skreau.

Schulting hat oant no ta dus alle ôfstannen wûn op dit wrâldkampioenskip.

Utslach 1.000 meter froulju

1. Suzanne Schulting
2. Hanne Desmet (BEL)
3. Courtney Sarault (KAN)
4. Selma Poutsma
5. Arianna Fontana (ITA)

Yn it klassemint is de dominânsje fan Schulting tige grut. Dêrtroch hoecht se yn de superfinale allinne noch mar oer de finish te kommen om wis te wêzen. Efter har is der noch wol folop striid om de oare medaljes. De Kanadeeske Courney Sarault hat op it stuit de beste papieren foar it sulver, foar de Italiaanske Arianna Fontana.

De twa oare Nederlânske froulju steane op plak fjouwer (Selma Poutsma) en seis (Xandra Velzeboer) en soene by in goeie superfinale mooglik noch in medalje helje kinne.

Tuskenstân klassemint foar de superfinale

1. Suzanne Schulting 102 punten
2. Courtney Sarault (KAN) 37 punten
3. Arianna Fontana (ITA) 31 punten
4. Selma Poutsma 24 punten
5. Hanne Desmet (BEL) 22 punten
6. Xandra Velzeboer 15 punten
7. Sofia Prosvirnova (RUS) 11 punten
8. Kristen Santos (FS) 8 punten
(Advertinsje)
(Advertinsje)