RIVM meldt 140 nije coronabesmettingen yn Fryslân

07 mrt 2021 - 15:25

It RIVM meldt snein 140 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne der minder as sneon, doe gie it om 179 nije besmettingen. Yn de ôfrûne wike binne der alle dagen yn trochsneed 151 besmettingen konstatearre.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne yn de ôfrûne dei meld yn de gemeenten Ljouwert (22) en Súdwest-Fryslân (22). Noardeast-Fryslân (16) wie dêrnei de gemeente mei it heechste oantal besmettingen.

Der binne yn de ôfrûne 24 oeren twa stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus, dat giet om ynwenners fan de gemeenten Achtkarspelen en Weststellingwerf.

Der binne twa Friezen it sikehûs yn rekke mei it coronafirus. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Súdwest-Fryslân en Smellingerlân.

Lanlike sifers

Lanlik binne der 4.567 nije coronabesmettingen konstatearre.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)