Puntleas WK foar Knegt, lykas De Laat útskeakele op 1.000 meter

07 mrt 2021 - 15:13

Sjinkie Knegt en Itzhak de Laat binne der net yn slagge om de A-finale te heljen fan de 1.000 meter. Dat betsjut dat it yndividuele toernoai foar Knegt derop sit: hy hat gjin punten helle, mei troch twa penaltys sneon. Dêrtroch mei hy net starte yn de superfinale. De Laat mei dat wol en kin noch besykje in medalje te pakken yn it allroundklassemint.

Foto: Orange Pictures

Foar De Laat einige de 1.000 meter al yn de kwartfinale. De Ljouwerter siet yn in sterke heat mei ûnder oaren de Frânsman Charles Lepape en de Rus Semen Elistratov. De Laat lei lang op it twadde plak efter Lepape, mar yn de ein kaam Elistratov noch foarby en waard er úteinliks tredde. Dêrmei gie er net troch nei de heale finale.

Knegt pleatste him wol foar de heale finale, wêryn't er lang yn twadde posysje ried. Mar yn de einfaze liet de Bantegeaster him ferrifelje troch in ynhelaksje fan de Belch Stijn Desmet en waard er fiifde. Yn de B-finale helle Knegt ek gjin punten. De A-finale waard wûn troch de Hongaar Sandor Shaolin Liu, folge troch syn broer Shaoang Liu.

De Laat mei letter op sneintemiddei noch wol de superfinale ride. Hy hat troch syn sulveren medalje fan sneon op de 1.500 meter genôch punten om starte te meien.

Tuskenstân klassemint foar de superfinale

1. Shaoang Liu (HON) 57 punten
2. Sandor Shaolin Liu (RUS) 42 punten
3. Charles Hamelin (KAN) 39 punten
4. Semen Elistratov (RUS) 39 punten
5. Pietro Sighel (ITA) 26 punten
6. Itzhak de Laat 21 punten
7. Sebastien Lepape (FRA) 8 punten
8. Dylan Hoogerwerf 8 punten
(Advertinsje)
(Advertinsje)