Ferskate sneltsjinsten Wagenborg falle út fanwege technyske problemen

07 mrt 2021 - 13:36

Troch in technysk mankemint falle de ferskate ôffearten fan sneltsjinsten út, lit Wagenborg Passagiersdiensten witte. De tsjinstregeling tusken Lauwerseach en Skiermûntseach falt sa't it no liket oant snein 14 maart út. De fearten tusken It Amelân en Holwert besiket Wagenborg moandei nei 12.30 oere wer te ferfetsjen.

Foto: Wagenborg Passagiersdiensten

Reizgers dy't in ticket boekt hiene, wurde troch Wagenborg ynformearre. De krekte gefolgen foar de tsjinstregeling binne hjir te finen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)