Steven Klijn fynt earste ljipaai Skylge: check hjir ús ljipaaikaart

07 mrt 2021 - 12:51

It earste ljipaai fan Skylge is - op 'e nij - fûn troch Steven Klijn. Hy ûntduts it aai neffens it BFVW (Bond van Friese Vogelwachten) yn de Westerpolder, net fier fan it bedriuweterrein. It is leafst de njoggende kear dat Klijn it earste ljipaai op it eilân fynt.

Steven Klijn - Foto: BFVW

It aai is goedkard troch de foarsitter fan de fûgelwacht, Arie Doeksen. Neffens it bûn hat Klijn wol konkurrinsje, mar is syn kennis fan it eilân net benei te kommen.

Dei letter as earste Fryske aai

It earste ljipaai fan Fryslân waard sneon, in dei earder, fûn yn de greide by de buorskip Spriens by Raard (Noardeast-Fryslân), troch de 39-jierrige Simon Spriensma fan Dokkum. Hy krige út hannen fan kommissaris fan de Kening Arno Brok de Sulveren Ljip.

Ljipaaikaart

Sjoch op dizze kaart yn hokker gemeenten al it earste ljipaai fûn is. Grien is it earste ljipaai fan Fryslân, blau is it earste ljipaai yn in gemeente en read betsjut dat der noch gjin earste aai fûn is yn dizze gemeente:

(Advertinsje)
(Advertinsje)